Win een Decemberkadobon van 50 euro!

20 november, 2017
Door: Klean & Sa

Sa as jimme witte plaatse we op facebook wol gauris foto’s van ús zelf yn de klean en accessoires van de verskillende merken die by ús yn de winkel te kryen kinne. Net omdat we ús zelf sa graach lye meie mar at wat op een maatsje 34 fotografeert wurd of op een oar model toant it toch altyd oars as op een frysk “do mar gewoan” frommeske. Derneist ha ek net alle merken “produktfoto’s” en klean komme no ien kear moaier út ast it oan sjochst dan op in hangerke. De foto’s meitsje we faaks búten de winkeltiiden om omdat we hjir oars hast net oan ta komme Omdat der foar ús een nog drokkere tiid oan sit te kommen woene we jimme freegje om ús wat te helpen 😁. Wy soene it oergrislyk leuke fyne om foto’s van jim te kryen yn de klean die jimme de ôfrûne tiid (wol van dit seizoen 😉) by ús kocht ha. Op dizze manier kinne wy nog wat mear sjen litte op ferskillende frouljuh. Jimme krye dus ek “a moment of fame” op ús facebookpagina ☺, hoe leuk is dat? Wy knoopje hjir fansels wer een moaie aksje oan fèst en verlotsje ûnder de dielnimmers een kadobon van 50 euro die jimme dan yn de Decembermaand bestede kinne foar bygelyks een moai Krystsetsje of sa. En it hoeft echt net een professionele foto te wurden. De eagen ticht, een hûn of kat die troch it beeld rint, by Sinterklaas op e skoot, by it optúgjen van de krystbeam ……….. in bietsje healewiiz …. it makket neffens ús de foto krekt nog wer wat moaier 👍. En der wurd gewoan eerlik lotte dus it gjit net om de moaiïgheid van de foto. Wy dogge it ek allegear mei een gewoan mobieltsje. Op ûndersteande foto’s kinne jim sjen dat it by ús ek net altied soepel verrint. Een protte wille mei it sjitten van de foto’s en wy binne hiel beneid wat we ta stjoert krye. Succes!
De foto’s krye wy it leafste binnen op ús emailadres info@kleanensa.nl

Dit bericht stjit ek op ús facebookpagina. Wolle jimme it der lèze scroll dan even nei 10-11-17.

Vorige bericht Volgende bericht